2009: hast 300 falliseminten

Wim de Kleuver fan de Keamer fan Keaphannel
Der binne dit jier yn Fryslân hast 300 bedriuwen fallyt gien. Dat is 71 % mear as ferline jier en dêrmei it heechste sifer ea. Dat docht bliken út de sifers fan de rjochtbank. Benammen troch de ekonomyske krisis binne bedriuwen fallyt gien. Yn sektoaren as de huzebou, de autobranzj en de jachtbou foelen de grutste klappen.
Der binne yn 2009 ek 8.000 bedriuwen ophâlden sûnder fallyt te gean. De keamer fan Keaphannel ferwachtet foar 2010 itselde tal falliseminten.