Plysje siket dykfernieler

© Foto gemeente Tytsjerksteradiel
De plysje siket de sjauffeur fan in trekker dy't ôfrûne tiisdei in stik fan it weitek fan 'e Burgumerdaam yn Burgum fernield hat. Nei alle gedachten hat de trekkerrider fergetten om de dongynjeksjespuit achter de trekker omheech te heljen.
De plysje freget oft de trekkerrider him melde wol. Ek wurdt tsjûgen frege kontakt op te nimmen mei de plysje. Ek de gemeente Tytsjerksteradiel wol graach kontakt mei de trekkerrider. De gemeente wol graach de skea op de man ferhelje.