Auto fêst oan bumper truck

Dizze auto waard foarúttreaun troch de reade frachtauto (foto: Martin Nuver, 112 Grinslân)
In persoane-auto mei fjouwer ynsittenden kaam tiisdeitejûn op de A7 fêst te setten oan in frachtauto en waard sa hûnderten meters foarúttreaun. It ûngelok barde by de ôfslach Hoogkerk. De auto kaam mei de trekheak ûnder de foarbumper fan de truck en koe net mear loskomme. Doe't de sjauffeur (28) de auto seach sette hy syn kombinaasje gelyk stil.
Trije ynsittenden út Drachten en Aldskoat waarden mei nekkklachten oerbrocht nei it sikehûs..