Karbidsjitters Ljouwert oppakt

Op ferskate plakken yn Fryslân is de ôfrûne 24 oeren fjoerwurk yn beslach naam. Sa waard yn Snits, op It Hearrenfean en yn De Fochtel knalfjoerwurk meinaam. Yn Ljouwert waarden sels twa minsken oanhâlden omdat se op it Potmargepaad dwaande wiene mei karbid.
Ek binne der tsientallen waskôgings jûn. It ôfstekken fan fjoerwurk mei eins pas fan âldjiersdei 10 oere ôf en de plysje sil tongersdei ekstra skerp op it ôfstekken fan fjoerwurk lette.