Rie pakt doarpshûs oan

29 des 2009 - 20:26
  • Frijwilligers knappe it doarpshûs fan Rie op

Guon ynwenners fan Rie wolle net langer wachtsje op it nije doarpshûs. Sy binne sels begûn mei in opknapbeurt fan it âlde doarpshûs. Alle wurksumheden wurde dien troch frijwilligers.

Oer it nije doarpshûs wurdt al jierren praat. Sa soe der in nij gebou komme mei in nij keatsfjild bûten it doarp, mar dat is allegear net helber. It doarpshûs wurdt no hielendal opknapt. It wurk moat gau klear, want 9 jannewaris is it nijjiersbal fan Rie.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)