Thijsje Oenema: krekt net

De rit fan Oenema tsjin Gerritsen yn byld (foto Martin de Jong)
Thijsje Oenema is der op it Olympysk Kwalifikaasjetoernoai krekt net yn slagge om har rjochtstreeks te pleatsen foar de Olympyske 500 meter yn Vancouver. De 21-jierrige Jouster waard nei twa 500 meters fjirde. Op it twadde kwalifikaasjetoernoai ein jannewaris krijt Oenema noch in kâns.
De winst yn Thialf wie foar de froulju út de ploech fan Jac Orie. Annette Gerritsen wûn, foar Margot Boer en Laurine van Riessen. Dizze trije froulju binne no wis fan de 500 meter.