Fiifde plak Sven Kramer genôch

29 des 2009 - 19:07

Sven Kramer hat op de tredde dei fan it Olympysk Kwalifikaasjetoernoai it fiifde plak helle op de 1500 meter. Troch de beskerme status fan Kramer is dat fiifde plak genôch om yn Vancouver op de 1500 meter út te kommen. De tiid fan Kramer: 1.46,66. Kramer is no wis fan trije ôfstannen. Hy rydt yn Kanada ek de 5 en 10 kilometer.

De winst wie foar Simon Kuipers yn 1.45,39, foar syn ploechmaten Stefan Groothuis (1.45,74) en Mark Tuitert (1.46,47). Dit trio giet ek nei de OS.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)