Roemeen krijt 21 moanne sel

In Roemeen dy't yn Ljouwert wennet is tiisdei feroardiele ta in selstraf fan 21 moannen. Dat is deselde straf dy't twa wike lyn easke waard. De man hat mei twa lânslju ûnder falske ferlechjes froulju út Roemenië helle. Dy lieten se ûnder twang as prostituee op de Ljouwerter Weaze wurkje.
De fertochte hie in lytse rol. Hy rûnsele de froulju en hie kontakt mei de haadfertochte.