Argewaasje oer Alvestêdehype

De Alvestêdeferiening ergeret him oan de hype dy't út it westen wei oerwaait nei Fryslân. Om't ferskate waarmannen in lange en strenge froastperiode foarspelle, wurdt yn de lanlike media al foarsichtich tocht oan in Alvestêdetocht. Dat falt net goed by de feriening De Fryske Alvestêden.
Foarsitter Wieling fynt de spekulaasjes net allinne ûnsin, mar it is ek gefaarlik omdat minsken te gau tinke dat se op iepen wetter ride kinne.