Soad katten yn de opfang

29 des 2009 - 15:40
  • In kat yn de opfang yn Lúnbert

Ferskate biste-asyls yn'e provinsje krije in opfallend soad katten binnen. In stik mear as gewoan om dizze tiid fan it jier. Op guon plakken giet it wol om fjouwer kear safolle katten. Wat no krekt de oarsaak is witte se by de ferskate opfangen net, mar der wurdt tocht dat it te krijen hat mei it winterske waar.

By katteopfang 'T Heerveld yn Lúnbert hawwe se gewoanwei 30 katten, no binne it der 60. En der wurde noch mear ferwachte.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)