Friezen yn terroristefleantúch

29 des 2009 - 14:01

Evert en Annigje van den Berg út Sint Nyk sieten earste krystdei yn it fleantúch fan Northwest Airlines nei Detroit doe't in Nigeriaan besocht it tastel op te blazen. Mem en soan wiene yn sân hasten nei Amearika ôfreizge omdat Annigje har broer yn it sikehûs leit fanwege in harseblieding.

De twa Sint Nyksters sieten fiif rijen achter de terrorist. Se hearden in knal en seagen reek. Ek seagen se hoe't Jasper Schuringa op de terrorist sprong en it fjoer útmakke.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)