87 minsken opnaam mei gryp

Ynfloed faksinaasje op oantallen net bekend
Yn Fryslân binne de ôfrûne perioade 87 minsken yn it sikehûs opnaam mei de Meksikaanske gryp. Ien persoan is oan de gryp ferstoarn, mar dy wie al siik. Dat docht bliken út sifers fan de GGD Fryslân.
Neffens it Ryksynstitút foar de Folkssûnens is de grypepidemy foarby. It tal minsken mei de Meksikaanske gryp nimt al langer ôf, mar it leit no ûnder de grins dat der sprake is fan in epidemy.