Fries mei yn bûtenlân flagje

29 des 2009 - 11:49

Fryslân hat der wer in international by. Mei yngong fan it nije jier sil Erwin Zeinstra ek yn it bûtenlân as assistint-skiedsrjochter by de line lâns drave. De 32-jierrige ynwenner fan Dronryp wiksele krapoan fiif jier lyn it skiedsrjochtersfluitsje yn foar de flagge.

Nei Patrick Langkamp fan It Hearrenfean en Sjoukje de Jong út Vegelingsoard is Erwin Zeinstra yn 2010 de tredde Fries dy't ynternationaal aktyf wêze sil.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)