Regels fjoerwurk te streng

De fjoerwurkopslach yn Frjentsjer foldocht oan alle regels
De regeljouwing foar it opslaan fan fjoerwurk soe opnij besjoen wurde moatte. Dat fynt deputearre Adema. Neffens Adema binne de regels no fierste streng. De fjoerwurkferkeapers moatte oan de selde regels foldwaan as de swiere gemyske yndustry en dat is neffens Adema hielendal net nedich.
Troch de strenge easken moatte de ferkeapers hege kosten meitsje foar de opslach. Neffens Adema soene de regels no fersoepele wurde moatte en oanpast foar fjoerwurkopslach.