Skea asfalt troch winterwaar

29 des 2009 - 10:17

Rykswettersteat is op ferskate plakken yn Fryslân dwaande mei it reparearjen fan it asfalt. Troch it winterwaar binne der gatten yn de diken ûntstien. It giet ûnder mear om de A7 by De Tynje.

Mar ek op twa oare plakken yn de provinsje binne problemen mei it asfalt. It giet dan om it klaverblêd by It Hearrenfean en it stik fan de A7 by Wytmarsum. It ferkear kin hinder ûnderfine fan de wurksumheden.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)