Doke Schmidt ferfangt Janmaat

30 mrt 2012 - 11:10

Doke Schmidt is de ferfanger fan de blessearre Daryl Janmaat yn de kompetysjewedstriid tsjin FC Grins. Janmaat wurdt freed opereard oan syn knibbel.

De rjochterferdigener hat al wiken lêst fan syn knibbel en hopet dat der troch dizze yngreep mear dúdlikhyd komt oer syn blessuere. Ek de thúswedstrid tsjin Ajax moat Janmaat nei alle gedachten oan him foarby gean litte. Fierder kin trainer Ron Jans beskikke oer in folslein fitte spilersgroep. Ek middenfjilder Geert Arend Roorda sit wer by de wedstriidseleksje.

Ferline wike wie Roorda noch blessearre. De lêste Fryske oerwinning yn Grins wie twa seizoenen lyn. Fier yn blessueretiid kopte Paulo Henrique doe de 3-2 achter Grins doelman Luciano. Ferline jier einige de wedstriid yn de Euroborg yn in 1-0 oerwinning foar de Grinzers.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)