Werle twadde by skaakfestival

29 des 2009 - 06:53
  • Jan Werle stiet twadde yn de tuskenstân fan it skaaktoernoai yn Grins
  • Sipke Ernst sit no yn de middenmoat

Skaker Jan Werle fan Beetstersweach is by it skaakfestival yn Grins opklommen nei it twadde plak. Hy fersloech moandei mei de wite stikken de sterke grutmaster Friso Nijboer. Werle hat no 5,5 punten út 7 partijen, in heale punt minder as koprinner Ilja Nizjnik út Oekraïne.

Tiisdei moat Werle tsjin Nizjnik en kin hy besykje de lieding oer te nimmen. De oare Fryske grutmaster dy´t meidocht, Sipke Ernst, is weromfallen nei de middenmoat. Hy hat 3,5 pumten.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)