Wüst wint, Nauta moai tredde

28 des 2009 - 19:59
  • Yvonne Nauta waard knap tredde (foto: Martin de Jong)

Ireen Wüst hat nei de winst op de 1500 meter fan snein op de twadde dei fan it Olympysk kwalifikaasjetoernoai ek de 3000 meter wûn. Dêrmei kin se no op beide ôfstannen meidwaan yn Vancouver op de Olympyske Spelen. De winnende tiid fan Wüst wie 4.06,80. Diane Valkenburg waard twadde yn 4.09,14 mar is noch net wis fan de Spelen.

Yvonne Nauta waard kreas tredde. De 18-jierrige ynwenster fan Twellingea ried in nij persoanlik rekôr: 4.10,72. Elma de Vries waard fjirde yn 4.11,43.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)