Groothuis en Kuipers nei OS

Groothuis (rjochts) en Kuipers nei Vancouver (foto: KNSB)
Stefan Groothuis en Simon Kuipers hawwe har op de twadde dei fan it Olympysk kwalifikaasjetoernoai yn Thialf op de 1000 meter nei Vancouver riden. Yn in ûnderlinge rit hellen de beide ploechmaten de twa bêste tiden. Groothuis wûn yn 1.08,50, Kuipers hie twahûndertste langer wurk.
Mark Tuitert waard fjirde. Omdat er al in kwalifikaasje hie mei hy ek nei de Spelen op de 1000 meter. Beorn Nijenhuis (5e) en Sjoerd de Vries (11e) kinne Vancouver ferjitte.