Ien minút stilte foar deaden

28 des 2009 - 17:15

Ferskate tv-stjoerders, wêrûnder Omrop Fryslân, stjoere woansdei ien minút stilte út foar dierberen dy't ferstoarn binne. It is in inisjatyf fan útfeartorganisaasje Yarden. Dy hat by de lanlike en regionale stjoerders tiid kocht yn de reklameblokken.

Op Nederlân 1, RTL4 en SBS6 wurdt om 10 foar achten in filmke fan 1 minút útstjoerd. By Omrop Fryslân is dat om ien minút foar achten. In bekende Nederlanner dy't it ôfrûne jier twa dierberen ferlear, is koart te sjen.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)