5.000 besikers bunkermuseum

28 des 2009 - 14:55

Bunkermuseum Schlei op Skiermûntseach hat yn in heal jier tiid 5.000 besikers lutsen. Dat is mear as dêr't de Stichting Bunkermuseum Schlei op rekkene hie. Neffens de stifting wie trijetûzen besikers reëel, seker omdat it museum allinnich op woansdei- en sneintemiddei iepen is.

It museum gie offisjeel iepen op de dei dat Skiermûntseach yn 1945 befrijd waard. It museum sit yn de Seeburgbunker yn it eardere radardoarp Schlei.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)