Fergunnings no oeral digitaal

Op de site Antwoordvoorbedrijven.nl stiet mear ynformaasje
Alle gemeenten yn Europa binne fan moandei ôf ferplichte om digitaal fergunnings ôf te jaan. Dat is it gefolch fan de nije Europeeske Dienstenrichtlijn dy't moandei yn de Europeeske Uny yngien is.
Alle gemeenten moatte oan de easken foldwaan. As net op tiid reagearre wurdt op in oanfraach moat de fergunning ferliend wurde. It gefolch is dat bedriuwen folle makliker saken dwaan kinne yn binnen- en bûtenlân.