Slang soertransport mear teste

It ûntsnappen fan de gaswolk by it suvelfabryk (foto: Jaring Rispens)
It suvelfabryk yn Dronryp makket ôfspraken oer strangere kontrôles fan soertransporten. Foaral de slangen fan de tankauto's moatte faker test wurde. Dat seit direkteur Hette Bouma.
Op 6 novimber fan dit jier rûn in tankauto mei 30 ton salpetersoer leech, omdat de slang knapt wie. Der waard grut alaarm slein en it doarp waard ôfsletten. De slang gie stikken troch hierskuorkes yn de binnenmantel fan de slang.