Jonge dronken fan fyts helle

28 des 2009 - 09:49

In jonge fan 16 út Wynjewâld is sneintenacht troch de plysje fan 'e dyk helle omdat er smoardronken op 'e fyts siet. Plysjeminsken seagen de jonge sûnder ljocht fytsen op De Bult yn Bakkefean.

Doe't se him oansprutsen waard dúdlik dat de jonge fierstente folle dronken hie. Hy is meinaam nei it buro en hat in rydferbod fan njoggen oeren krigen.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)