Jonge oppakt foar oantaasting

30 mrt 2012 - 10:57

In jonge (19) út Hurdegaryp is tongersdei yn Burgum oanhâlden, omdat er trije famkes oanrand ha soe. De jonge trof de famkes op de Burgumerdaam en begûn oan har te sitten. De slachtoffers bellen de plysje. Op har oanwizings koe de fertochte oanhâlden wurde.

De jonge is meinaam nei it plysjeburo. Neidat er heard wie, mocht er wer nei hûs. De famkes hawwe oanjefte dien.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)