Herre manager Sportstad H'fean

28 des 2009 - 09:37

Ald top-turner Herre Zonderland hâldt op mei syn wurk by de plysje en wurdt manager turnsaken by Sportstad Heerenveen. Heal novimber sette de eardere Nederlânsk kampioen in punt achter syn sportkarriêre, mar sei doe al dat er noch wol graach fierder woe mei de sport. Zonderland sil him neist de begelieding fan topsport ek dwaande hâlde mei turneveneminten.

Sa is it stribjen dat er de earste Nederlânske Wrâldbeker turnjen organisearje sil.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)