Man rôft stroomkabels yn Harns

28 des 2009 - 09:32

In 42-jierrige man út Minnertsgea is sneintemiddei betrape by it stellen fan stroomkabels fan in bouterrein yn Harns. In tsjûge seach dat de man oan de Havenweg dwaande wie mei de stellerij fan de kabels en belle de plysje.

Plysjeminsken seagen de man fytsen op de Westerseedyk mei de kabels. De man is meinaam nei it plysjeburo.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)