Man slein mei kettingslot

In ynwenner (20) fan Ljouwert is yn de nacht fan sneon op snein oanholden yn de Peperstrjitte yn syn wenplak, op fertinking fan mishanneling.
Fia kameratafersjoch waard sjoen dat de 20-jierrige op de hoeke fan de Wurdumerdyk mei de Nijstêd in 19-jierrige stedsgenoat mei in kettingslot sloech. Plysjes krigen it sinjalemint fan de 20-jierrige troch en hy koe dan ek gau oanholden wurde. De fertochte waard oerbrocht nei it plysjeburo en ynsletten.