Auto yn 'e boskjes ferstoppe

De plysje hat yn de nacht fan sneon op snein it rydbewiis fan in 33-jierrige ynwenner fan Grins ynnaam nei it riden ûnder ynfloed fan alkohol. Hy wie tsjin in pealtsje riden en hie dêrnei syn auto yn de boskjes ferstoppe.
De plysjes seagen him rinnen yn de omjouwing fan de Skrâns. Hy foel op omdat er ynienen in oare kant op rûn. Op de Ferlingde Skrâns waard de auto yn de boskjes fûn. De man hie de kaai fan de auto yn de bûse.