Fryske reedrydsters net bêst

27 des 2009 - 14:54
  • Marrit Leenstra
  • Elma de Vries (argyffoto)

De Fryske reedrydsters dy't op it Olympysk kwalifikaasjetoernoai yn Thialf meidiene op de 1500 meter hiene in minne dei. Grouster Margot Boer waard fjirde en mei noch hoopje op in Olympysk startbewiis op de 1500 meter. Ireen Wüst, earste yn 1.56,97 en Annette Gerritsen, twadde yn 1.57,58, binne wis fan Olympyske dielname.

Paulien van Deutekom (7e), Ingeborg Kroon (10e). Marrit Leenstra (11e), Yvonne Nauta (13e) en Elma de Vries (16e) rêden it lang net op.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)