Oanmelde foar Lytse Priis

27 des 2009 - 13:24

Yn de maityd fan 2010 set de talintewedstriid foar popmuzyk yn Fryslân wer útein: de Lytse Priis fan Fryslân. Alle Fryske popartysten meie oan dizze wedstriid meidwaan. De foarrondes fan de Lytse Priis wurde holden op sa'n fjirtjin ferskate lokaasjes yn de provinsje.

Ferline jier diene tachtich Fryske bands mei oan de foarrondes. De winner kin studiotiid of profesjonele marketingstipe winne. Oanmelde kin fia de webside fan de Lytse Priis.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)