Gjin OKT foar Bob de Vries

Bob de Vries (argyffoto: Martin de Jong)
Reedrider Bob de Vries fan De Haule docht snein net mei op de 5000 meter by it Olympysk kwalifikaasjetoernoai op it iis fan Thialf. De Vries hat sneintemoarn ôfsein, omdat er siik is.
Op it twadde kwalifikaasjetoernoai op 22 en 25 jannewaris krijt de maratonreedrider in nije kâns om it lêste startbewiis foar de Olympyske Spelen fan Vancouver binnen te heljen.