Kealtsjetrijeling berne

Op it feehâldersbedriuw 'De Haegen' fan maatskip Tjitze en Saakje Postma yn Nijeholtwâlde is sneon in trijeling berne. Gjin poppen, mar trije sûne kealtsjes. It earste kealtsje kaam sels op de wrâld, mar soan Folkert seach dat der nei alle gedachten noch ien komme moast en holp dêrby.
En oft it noch net genôch wie, melde him ek noch in tredde. Se binne alle trije goed sûn. Mem, Zwartje 24, is nei de swiere befalling wat siik, mar stiet ûnder behanneling fan de fee-arts.