Soad reek by galerijbrân

De brânwacht yn aksje (foto: nieuwsuitfriesland.nl)
In brantsje yn in galerij fan in flat oan de Annie Westlandstraat yn Ljouwert hat sneontejûn foar in soad reek soarge. De brân ûntstie tsjin alven yn in galerij op de earste ferdjipping.
De oproppen brânwacht hie it fjoer gau út en hat dêrnei de galerij mei spesjale apparatuer luchte. Oer de oarsaak fan de brân en de hichte fan de skea is noch neat bekend.