Fyfde winst Arjan Stroetinga

Arjan Stroetinga wie wer de rapste (foto: KNSB)
Arjan Stroetinga hat op twadde krystdei syn fyfde oerwinning fan it seizoen helle. Yn de fyftjinde wedstriid om de Maraton Cup yn Grins wûn hy de einsprint fan in kopgroep fan fyftjin riders. Dizze groep hie it peloton op in rûntsje setten.
Achter de ynwenner fan Waskemar waard Cees Juffermans twadde en Rob Hadders tredde. Douwe de Vries fan It Hearrenfean waard fjirde, Jorrit Bergsma fan Aldeboarn achtste.