Dak tsjerkegebou ynstoart

26 des 2009 - 14:45

It dak fan tsjerkegebou De Schakel yn Drachten is freedtenacht foar in part ynstoart ûnder druk fan wetter en snie. Troch it teiwaar stie der in protte wetter op dat net fuort woe. Omwenners hearden nachts dat it dak it mei in soad kabaal bejoech.

Neffens de behearder stiet der al fiif sintimeter wetter yn de seal en komt der hieltyd mear wetter by. Se hawwe gelok hân dat it net sneontemoarn barde. Want der soe om healwei tsienen in krysttsjinst hâlden wurde.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)