Auto bedarret yn Noordvliet

26 des 2009 - 12:20

Fjouwer minsken binne freedtejûn yn Ljouwert mei de skrik frijkaam, neidat se mei har auto yn it wetter fan it Noordvliet bedarre wiene. De bestjoerder woe âfslaan, mar rekke troch de glêdens de macht oer it stjoer kwyt. Hy ried mei syn auto it wetter yn.

De brânwacht waard ynskeakele, mar dy hoegde net yn aksje te kommen, omdat de minsken sels út de auto komme koene. Se binne by omwenners opfongen oant der in ambulânse kaam.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)