Auto tsjin beam by Feanhuzen

26 des 2009 - 11:59

Op de dyk tusken Easterwâlde en Feanhuzen is freedtemoarn in 27-jierrige frou ferwûne rekke by in oanriding. De frou út Assen siet yn de auto by in 27-jierrige man, dy't op de N919 yn in slip rekke.

Nei alle gedachten hat er te hurd riden op de glêde dyk. It stel út Assen botste mei de auto by in beam op. De frou rekke beknypt en moast troch de brânwacht út 'e auto helle wurde. Se is mei de ambulânse nei it sikehûs brocht.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)