Minder rinners by krystkuier

Der komme folle minder kuierders as oare jierren op de krystkuier yn Bakkefean ôf. Gewoanwei lûkt de kuier sa'n 2000 minsken, mar dit jier wiene dat net mear as 800. Dochs foel dat noch net ôf. De ferwachting wie ynearsten 500 à 600 dielnimmers.
De rûte is troch de snie dreger as oare jierren. Foar it earst krije rinners dêrom in plattegrûn fan de rûte mei, dêrop stiet ek oanjûn hoe't minsken wer by trochgeande diken komme kinne as it te dreech wurdt yn de bosk.