Debút Van Basten yn Aldegea
Marco van Basten sit op freed 6 july foar it earst by SC Hearrenfean op de bank. Hearrenfean spilet dy dei de earste oefenwedstriid yn de tarieding op it nije seizoen. Tsjinstanner is, sa as alle jierren, in regioseleksje út Gaasterlân-Sleat en der wurdt spile yn Aldegea.
Marco van Basten waard yn febrewaris presintearre as de opfolger fan Ron Jans.