Krisis bringt Caravana sukses

26 des 2009 - 09:21

De ekonomyske resesje soarget foar in opmerklik sukses foar kampear- en karavanbeurs Caravana yn it WTC Expo yn Ljouwert. Der steane kommende edysje 350 standhâlders en dat is in rekôr.

It ôfrûne jier wie de beurs mar krekt foar de start útferkocht, mar no dus al wiken foardat de beurs úteinset. De Caravana is fan 21 oant en mei 26 jannewaris yn it WTC Expo yn Ljouwert.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)