Snitser sukses mei makettes

26 des 2009 - 09:08

It Snitser bedriuw Via Drupsteen hat in soad sukses mei in nije masine dy't makettes boud. Mei ien druk op de knop kinne trijediminsjonale ôfbyldings as makette 'ôfdrukt' wurde.

It bedriuw makket 3D-presintaasjes, om mei in firtueel lânskip bygelyks sjen te litten wat der feroaret as der nijbou pland wurdt. De masine út Amearika produsearret hiel goedkeap hiel detaillearre makettes. Ek de Amerikaanske romtefeartorganisaasje NASA hat der ien.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)