Underhâldsbedriuw oernaam

© Omrop Fryslân
Underhâldsbedriuw TSO út Harns is oernaam troch de Paroshagroep yn Ljouwert. TSO hat in dreech jier achter de rêch en moast 10 fan de 34 wurknimmers dien jaan. Troch de oername kinne de oerbleaune wurknimmers oan it wurk bliuwe. TSO ûnderhâldt de masines op produksjelijnen.
De Paroshagroep kin it personiel goed brûke, omdat it troch nije opdrachten ferlet hat fan it spesjalisme fan TSO. It bedriuw ferhuzet nei Ljouwert.