Molenloop Froubuert giet oan

25 des 2009 - 16:15

Hurdrinklup SV Friesland hat besletten om de Molenloop mei start en finish yn Froubuert op twadde krystdei trochgean te litten. De Molenloop is in hurdrin-evenemint oer 5, 10 en 21 kilometer.

It parkoers moat wol oanpast wurde. Lâns de Leijsterfeart leit tefolle snie om drave te kinnen, mar it is de organisaasje slagge om in alternative rûte te betinken. De organisaasje freget dielnimmers wol om skuon nei in goed profyl mei te nimmen, want dat bliuwt wol nedich.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)