Tal ynwenners Harns tanommen

25 des 2009 - 14:52

It tal ynwenners fan de gemeente Harns is fan't jier opnij tanommen. Mei-inoar binne der sûnt 1 jannewaris goed 100 minsken bykaam. It tal ynwenners giet wer aardich yn de rjochting fan de 16.000. Yn 2006/2007 siet it tal ynwenners fan Harns yn in flinke dip. Doe gie it AZC ticht.

De groei fan it tal ynwenners hat te krijen mei nijbouplan Ludinga. Dêr wurde hieltyd mear huzen bewenne. It tal ynwenners fan Harns leit no wer hast op itselde nivo as yn 2005.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)