Beatrix pleitet foar wy-gefoel

Keninginne Beatrix is kritysk oer 'firtuele kontakten'
Keninginne Beatrix is kritysk oer firtuele kontakten mei ynternet en sms. Technyske foarútgong makket minsken ôfhâldend, mar yn drege tiden is 'echt kontakt' nedich, sa fynt de Keninginne. "Tsjintwurdich binne sels buorlju bytiden frjemden foar inoar".
De Keninginne is fan betinken dat ynternet it mienskipsgefoel bedriget. "Minsken bliuwe op ôfstân, achter har byldskerm. Sûnder wy-gefoel wurdt ús bestean leech, firtuele moetings folje de leechte net".