Nij: Galery Smarius/Sterk

De mienskiplike eksposysjeromte fan galery Smarius/Steven Sterk
Galery Smarius en galery Steven Sterk sille yn 2010 tegearre fierder yn it bedriuwsgebou fan Sterk op 'e Gordyk. In earste mienskiplike eksposysje mei keunstners fan beide galeryen wurdt op 10 jannewaris iepene troch deputearre Jannewietske de Vries.
De twa galeryen ferwachtsje dat se inoar goed oanfolje en fersterkje. Steven Sterk is spesjalisearre yn Fryske keunstners. Galery Smarius hat in breed oanbod fan jonge en bekende keunstners op nasjonaal nivo.