Skar en Deelen by Natura 2000

25 des 2009 - 13:09
  • De Iselmar by de kop fan 'e Ofslútdyk (foto: Janny Vroeden)

De natuergebieten de Deelen, it Weinterper Skar en de Iselmar binne definityf oanwiisd as Natura 2000-gebieten. Dat hat minister Verburg besletten. De oanwizing betsjut dat no dúdlik wurdt hokker stikken kwetsber natuergebiet beskerme wurde.

It giet bygelyks om sompegebieten dy't belangryk binne as briedgebiet foar fûgels. Yn in folgjende faze, as der in behearsplan opsteld wurdt, moat dúdlik wurde hokker maatregels nommen wurde om de natuer te beskermjen.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)