'Utspraken Oscar Dros absurd'

25 des 2009 - 11:44
  • Boargemaster Heldoorn fan Assen: 'absurd optreden korpssjef Grins'

It pleit fan 'e Grinzer korpssjef fan plysje Dros foar ien plysjekorps foar Noard-Nederlân is net allinnich yn Fryslân min fallen. De Drintse korpsbehearder Sicko Heldoorn neamt it media-optreden fan Dros 'absurd'.

Heldoorn fynt dat Dros sokke ideeën earst heart te bepraten mei de korpsen fan Drinte en Fryslân foardat je sokke útspraken yn it iepenbier dogge. Troch der sa mei nei bûten te kommen hat Dros it rjocht op in publyk debat al yn 't foar ferlern, sa seit Heldoorn.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)