Omrin ferspriedt 20 ton sâlt

25 des 2009 - 11:06
  • Der wurdt rûnom yn Fryslân struid

De sâltstruiploegen fan Omrin binne op earste krystdei al om fjouwer oere moarns mei harren wurk begûn. Omrin docht it struien en snieskowen yn Ljouwert, Menameradiel, Harns, Littenseradiel en Boalsert.

Neffens in wurdfierder is der op earste krystdei alwer 20 ton sâlt trochhinne gien. Nei alle gedachten wurdt der noch trochstruid oant ûngefear healwei ienen. Dan binne de sniebuien wer oer en giet de temperatuer stadichoan omheech.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)